Brief oan supporters FC Grins

12 sep 2009 - 15:32

Boargemaster Peter de Jonge fan It Hearrenfean hat in pear wike ferlyn supporters fan FC Grins in brief skreaun, wêryn't er de supporters opropt om har by de derby Hearrenfean - Grins sneontejûn te gedragen.

By ûngeregeldheden wol De Jonge yn de takomst in buskomby ynsette. Dat hâldt yn dat de FC Grins-oanhingers dan net mear mei eigen ferfier nei it Abe Lenstrastadion ôfreizgje kinne. Ferline jier moast de plysje optrede by slaanderij, nei ôfrin fan de derby.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)