Akademy mear ynternasjonaal

De Fryske Akademy yn Ljouwert
De Fryske Akademy wol mei it Laboratoarium Fryslân ynternasjonaal wittenskiplik trochbrekke. Dan kinne minderheidstalen yn oare lannen noch better profitearje fan de Fryske wittenskippers.
Projekten dy't hjir betocht en útfierd wurde, mei as doel om de Fryske taal en kultuer te behâlden, kinne dan noch better ynset wurde om oare talen sterker te meitsjen. De plannen fan de akademy wurde stipe troch de KNAW.