Drinkeling út Noardsee helle

12 sep 2009 - 13:10

Helptsjinsten hawwe op Skylge sneontemoarn in 36-jierrige ynwenner fan Súdhorn (Grinslân) út de Noardsee helle. De man koe troch it ôfgeand wetter net wer it strân opkomme.

Twa oare manlju dêr't er mei te swimmen wiene sloegen alarm. Dêrop waard ûnder oare de KNRM ynset. Dy hat de man holpen wer út it wetter te kommen. Personiel fan in ambulânse hat him wer op temperatuer brocht. Dêrnei hat er noch foar kontrôle nei de húsdokterspost op it eilân west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)