Kontrôle auto's op Junokade

12 sep 2009 - 12:39

De plysje hat freedtejûn by in kontrôle op de Junokade yn Ljouwert seis jonge automobilisten bekeurd. Se rieden te hurd, makken te folle lûd of hiene yllegaal xenon-ferljochting op de auto.

Dizze ferljochting, bekend fan de blauwe gloed, mei allinnich fierd wurde op auto's mei in spesjaal armatuer. De plysje wol hjir de kommende tiid faker op kontrolearje. Op de kade sammelje har faak jonge autobestjoerders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)