Hout hakje foar spitkeet

12 sep 2009 - 12:33

Frijwilligers binne sneon yn Jobbegea dwaande hout te hakjen foar in spitkeet dy't yn it doarp boud wurde moat. It hout is de inisjatyfnimmers oanbean troch Steatsboskbehear. Se moatte it wol sels ferwurkje.

De eardere spitkeet gie trije jier lyn by in brân ferlern. Meikoarten sil ek in part fan de plaggen stutsen wurde, dy't foar de hutte nedich binne. De inisjatyfnimmers binne noch op syk nei mear plaggen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)