Ynformaasje oer stoomtrein

12 sep 2009 - 12:28
  • Ynterieur fan de stoomtrein
  • Soad besikers by de ynformaasjebyienkomst

Sa'n 200 minsken sneontemoarn yn Snits in ynformaasjebyienkomst besocht oer de stoomtrein, dy't fan takom jier ôf ride moat tusken Snits en Starum. De stoomtrein is in inisjatyf fan de Friese Stoomtreinmaatschappij, dy't de ôfrûne jierren al stoomwykeinen organisearre.

Foar it riden litten fan de trein binne 150 frijwilligers nedich. It giet ûnder oare om masinisten en minsken foar it ûnderhâld. Doel is dat dy fanôf 1 maaie '10 oan de slach gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)