Debút Avanti sûnder punten

12 sep 2009 - 00:16

De sealfuotballers fan Avanti út Stiens hawwe de earste wedstryd yn de topdivyzje ferlern. De op it heechste lanlike nivo dubutearjende Stienzers gongen yn de thúswedstryd mei 5-3 ûnderút tsjin it sterke Hovocubo út Hoor.

De Noard-Hollanners wienen foaral yn de earste helte de bettere ploech. Mar oant 3-3 koe Avanti it goed byhâlde. Krekt op it momint dat in foarsprong foar de Stienzers yn de loft hong makke Hovocubo dien wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)