FC Twente boykot Hearrenfean

11 sep 2009 - 20:08

De supportersferienings fan FC Twente spanne in koart pleit oan tsjin de gemeente Hearrenfean. Ek boykotte de supporters de wedstryd tsjin SC Hearrenfean. Se easkje dat de ferplichte buskomby dy't boargemaster De Jonge fan Hearrenfean oplein hat, fan tafel giet.

It giet om de wedstryd fan takom wike snein. Neffens De Jonge wie de sfear foarich seizoen grimmitich omdat supporters de bus net út woene. Dêrom meie se no net mei eigen ferfier komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)