Wurk A32 hinderet fuotbalfans

Wurk oan de A32
Fuotbalfans dy't sneon de wedstriid Hearrenfean-FC Grins besykje, moatte rekken hâlde mei wurk oan 'e dyk. Tusken knooppunt It Hearrenfean en Werpsterhoeke by Ljouwert wurdt wurke oan it asfalt. Automobilisten út de rjochting It Hearrenfean dy't nei Ljouwert wolle, wurde omlaat rjochting Drachten.
Ferkear út de rjochting Stienwyk moat ek rekken hâlde mei fertraging. By de ôfslach Wolvegea wurdt ek oan de dyk wurke.