Oanpak skoalfersom oeral gelyk

Regels foar skoalfersom beskreaun
De oanpak fan skoalfersom wurdt yn in grut part fan de provinsje fan freed ôf lyklutsen. Oft de learling no fersommet yn Drachten of yn Ljouwert, yn beide gefallen folget deselde straf. Alle skoallen en gemeenten yn it noarden en easten fan de provinsje hawwe dêr ôfspraken oer makke.
Dat wie nedich om't der oant no ta te grutte ferskillen sieten yn de regels op skoallen. Ek wat der wol en net by de ynspeksje meld waard, wie dêrtroch ôfhinklik fan de skoalle.