Kalou net opjûn foar Europa

Kalou moat earst fitter wurde
Bonaventure Kalou sil net foar Hearrenfean útkomme yn de groepsfaze fan de Europa Leaugue. Hearrenfean hat Kalou net opjûn by it Europeeske fuotbalbûn, de UEFA. Hearrenfean moast 25 spilers opjaan, wêrûnder fjouwer jeugdspilers en dêr sit Kalou net by. Nei de groepsfaze soe Kalou wol wer meidwaan kinne.
Kalou is ek net opnaam yn de seleksje fan sneon tsjin Grins. Neffens trainer Jan de Jonge moat Kalou earst fitter wurde.