Avanti spilet topsealfuotbal

11 sep 2009 - 13:22

Sealfuotbalklup Avanti út Stiens hat freed in primeur. De klup spilet de earste wedstryd yn de topdivyzje. Dat is it heechste sealfuotbalnivo yn Nederlân. Nea earder slagge in Fryske amateurklup deryn om dat te heljen.

Kampioen wurde dit seizoen sil dreech wurde, mar it linker rychje soe moai wêze. Mar dan moatte der wol punten helle wurde. En dat kin no freed foar it earst yn de wedstryd tsjin Hovocubo út Hoorn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)