Gaslek yn Wier
Yn Wier hat in kraan freedtemoarn in gaslieding stikkenlutsen. It giet om in lieding achter in wenning oan de Lautawei.
Enexis, it bedriuw dat de gasliedingen beheart, hat it lek wer tichtmakke. Salang hat de brânwacht paraat west om yn gefal fan kalamiteiten by te springen.