Noch 1000 kaarten De Harkema

11 sep 2009 - 11:51

Foar de wedstryd fan Harkemase Boys tsjin Feyenoord binne foar de frije ferkeap noch tûzen kaarten beskikber. Leden en spilers fan Harkemase Boys koene de ôfrûne dagen kaarten keapje. Tongersdei is de balâns opmakke foar it tal kaarten dat noch oer is.

Tiisdei sân oere jûns begjint de frije ferkeap. Foarsitter Spinder tinkt dat de kaarten gau útferkocht binne. De bekerwedstryd is op 23 septimber op sportpark De Bosk op De Harkema. Der is plak foar 5500 taskôgers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)