Lemsters ferdield oer wynmûnen

10 sep 2009 - 21:25

Ynwenners fan De Lemmer tinke wakker ûngelyk oer de komst fan in grut wynmûnepark yn 'e Iselmar. Dat die tongersdei bliken op in ynfojûn. In groep ûndernimmers hat it inisjatyf naam foar sa'n park foar de kust fan de Noardeastpolder. Der komme tusken de tachtich en hûndert wynmûnen.

Dy mûnen soene foar in part ek op it grûngebiet fan Lemsterlân komme te stean en fan 'e Fryske kust ôf goed te sjen wêze. Dêrmei wurdt it útsjoch bedoarn, fine tsjinstanners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)