Reklamebelesting op It Fean

10 sep 2009 - 17:12

Undernimmers op It Hearrenfean moatte as it oan boargemaster en wethâlders leit takom jier reklamebelesting betelje. Wa't yn it sintrum mear as 0.1 m2 reklame makket, moat in fêst taryf fan 400 euro betelje. Yn oerlis mei de pleatslike feriening foar ûndernimmers is besletten ta ynfiering fan 'e reklamebelesting.

De belesting smyt 90.000 euro op. Dat jild komt yn in fûns dêr't reklame mei makke wurdt foar It Hearrefean en de eveneminten dêr.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)