Bou wenwyk Oentsjerk leit stil

Hjir soe de wenwyk komme moatte
De bou fan in nije wenwyk yn Oentsjerk leit stil. De Ried fan Steat fynt dat de gemeente Tytsjerksteradiel net genôch ûnderboud hat dat de bou fan wenningen net skealik is foar de natuer yn 'e Noardlike Fryske Wâlden.
Yn it gebiet oan de Kaetsjemuoiwei moatte tritich wenten komme. Foar it bouryp meitsjen fan 'e grûn is ien fan de elzesingels kapt.