Ynintingsaksje It Hearrenfean
De gemeente Hearrenfean is klear foar in mooglike massale ynintingsaksje fanwege de Meksikaanske gryp. Der is in plan makke dêr't de belangrykste stappen yn stean om alles goed ferrinne te litten.
Minsken dy't oproppen wurde foar in prik moatte nei de sporthallen fan Sportstad Heerenveen. Dêr kinne tusken de 1600 en 2000 minsken yn 'e oere yninte wurde.