Japanske learlingen yn Snits

© Omrop Fryslân
Snits krijt nije wike besite fan acht middelbere skoalbern út Japan. De besite is in ûnderdiel fan it útwikselingsprojekt tusken Snits en de Japanske stêd Kurobe. Ferline jier hawwe learlingen út Snits dêr west, no is der in tsjinbesite.
De learlingen wurde tiisdei op it stêdhûs ûntfongen. Woansdei en tongersdei rinne se mei op twa skoallemienskippen.