Dei fan de selsmoardprevinsje

© Omrop Fryslân
De GGZ Fryslân hat tongersdei in previnsjekaart útbrocht foar helpferlieners dy't minsken helpe dy't har mooglik sels te koart dwaan wolle. Yn Fryslân bart dat jierliks 70 kear en sawat 1500 minsken tinke der wol ris oer om dit te dwaan.
Meiwurkers fan de GGZ prate alle dagen mei minsken dy't yn in krisis sitte. It is lang net altyd maklik om sinjalen fan selsmoardpogings te herkennen.