Ron van Booma is fallyt

10 sep 2009 - 12:31

De Haachske rekreaasje-ûndernimmer Ron van Booma seit mei fallyt gien te wêzen troch burokrasy by de gemeente Menameradiel en de provinsje. De eardere eigner fan rekreaasjepark Schatzenburg yn Menaam seit dat troch in jierrenlange striid om fergunnings foar de bou fan fakânsjehuzen op it park him in soad jild koste hat.

Hy hat it park yn maaie ferkocht foar folle minder jild as ferwachte. Mar ek de kredytkrisis hawwe de ûndernimmer parten spile.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)