Topdrokte by kwekerij Hartman

© Omrop Fryslân
In aksje fan in grutte supermerkketen soarget foar topdrokte by kwekerij Hartman fan Seisbierrum. By Albert Heijn kinne klanten in pûde folje mei griente en hoege dan mar de helt fan de priis te beteljen.
De AH-aksje rint as in trein en soarget foar leveransier Hartman foar topdrokte. Hartman is nammentlik ien fan de leveransiers fan de griente.