HZPC wol nijbou Mitselwier

It HZPC-kompleks by Mitselwier
Jirpelkweekbedriuw HZPC wol it kassekompleks yn Mitselwier slope om plak te meitsjen foar nijbou. Reden is dat de kassen der fertutearze bylizze en net echt in fisitekaartsje foar it bedriuw binne. It bestimmingsplan fan de gemeente Dongeradiel moat der wol foar oanpast wurde. Boppedat stiet flakby de nijboulokaasje in mûne mei in monumintestatus.
Wethâlder de Graaf fan Dongeradiel ferwachtet lykwols net dat de nijbou fan HZPC problemen opsmite sil.