Frou mishannele op de Weaze

© Omrop Fryslân
In frou út Ljouwert is woansdeitejûn op de Weaze mishannele troch in 34-jierrige man, ek út Ljouwert. Hy soe it net iens west ha mei de priis foar de tsjinsten fan de frou en sloech har doe. Dêrnei gie er fuort.
Op grûn fan kamerabylden hie de plysje gau in sinjalemint. De man koe koart dêrnei oanhâlden wurde. De man waard meinaam nei it buro. It mes dat er by him hie, is yn beslach naam.