Hurdrider is rydbewiis kwyt
In man út Drachten is woansdei syn rydbewiis kwytrekke, omdat er te hurd ried. De man waard op de Kwelderwei by Kollumerpomp trapearre troch plysjes mei in lasergun. Je meie dêr tachtich, mar de man hie 146 kilometer op de teller.
De plysje hat de man oan de kant set en syn rydbewiis yn beslachnaam. Hy krige ek in proses ferbaal.