Ljouwerter skoalle net 'swak'

© Omrop Fryslân
Iepenbiere Basisskoalle De Wielen lokaasje Galamastins yn Ljouwert foldocht wer oan de easken fan de ûnderwiisynspeksje. Dat hat de skoalle sels nei bûten brocht. It ûnderwiis fan de skoalle hie goed in jier ferlyn noch it predikaat swak, mar hat no yn de nije ronde in foldwaande krigen.
Neffens de skoalle is der it ôfrûne jier ekstra hurd wurke om dat foarelkoar te krijen. Op de lokaasje sitte goed 170 bêrn.