Filmfestival bliuwt oan wâl

© Omrop Fryslân
It Noardlik Filmfestival sil dit jier allinnich op de fêste wâl plakfine. Dat hat de organisaasje fan it festival bekendmakke. Dermei ferfalle de foarstellings dy't sûnt in pear jier plak fûnen op Skylge en Flylân.
Ut in evaluaasje die bliken dat der eins net genôch jild is om hjir mei troch te gean. Ek is der op de eilannen eins net genôch mankracht beskikber. Yn novimber wurdt it festival foar de 31-ste kear hâlden. De foarstellings fine plak yn Ljouwert.