Wyldemerk hiele jier iepen

09 sep 2009 - 17:13
  • Wyldemerk bliuwt hiele skoaljier iepen

De Wyldemerk yn Harich bliuwt dit hiele skoaljier iepen. Dat is de útkomst fan it debat yn de Twadde Keamer mei minister Rouvoet. It Ryk stelt mear jild beskikber om de 24-oerskampus oant de simmer fan takom jier iepen te hâlden.

Earder waard bekend dat de skoalle foar probleemjongeren oant desimber iepen bliuwe soe. De Keamer wol dizze eksperimintele foarm fan skoalle en opfang de kâns jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)