Ein seizoen Jannick de Jong

09 sep 2009 - 16:47
  • Jannick de Jong (argyffoto)

Gersbaanracer Jannick de Jong komt dit seizoen net mear yn aksje. By in wedstriid yn it Frânske Morizes bruts er in bonkje yn syn rjochterhân. By de start gie it fuort mis, doe't er net goed fuortkaam en op syn hân foel.

Troch syn blessuere mist De Gordykster de lêste WK-wedstriid. Boppedat wurdt it no ek dreger om him te pleatsen foar de WK-wedstriden fan folgjend jier. De Jong ûndersiket noch wat de mooglikheden binne om yn België opereard te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)