Rolling Home wer op toernee

09 sep 2009 - 16:44

Folksjongkoar Rolling Home út Snits sil wer op toernee. It koar is foaral bekend fan it ferske 'Fries om utens' mei de Skotske sjonger John Wright fan Simmer 2000. It koar sil no mei Rients Gratama lâns de sealen. Wright is oardeljier lyn stoarn.

De show is in reisferhaal troch Skotlân en Amearika om 1920 hinne mei in soad nije folkferskes yn stee fan shantylietsjes. De toer is ein dit jier en 2010 troch Fryslân. De earste try-out is 19 novimber yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)