Swimster Kraaijeveld nei EK

09 sep 2009 - 15:43
  • Ilse Kraaijeveld mei nei it EK

Swimster Ilse Kraaijeveld fan Dokkum giet nei it EK koarte baan yn Istanbul. Kraaijeveld soe yn earste ynstânsje net mei, mar se is troch bûnscoach Jacco Verharen dochs opnaam yn it Nederlânske team.

De 18-jierrige Kraaijeveld, lid fan swimclub ORKA fan Ljouwert, makket har debút op de Europeeske kampioenskippen en sil meidwaan oan de 50 meter frije slach. It EK fynt plak fan 10 oant en mei 13 desimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)