Jild stellen út restaurant

09 sep 2009 - 11:38

Ut in restaurant oan de Silverstrjitte yn Frjentsjer is tiisdei jild stellen. De dief kaam moarns de saak yn en treau in meiwurkster ûndersteboppen. Hy pakte in jildbedrach en in beurs en naaide dêrnei út.

De meiwurkster belle de plysje, mar dy koe de dieder net mear fine. It buertûndersyk makke dúdlik dat it om in meagere man giet fan hast 2 meter lang, dy't in ljochte spikerbroek en in donkerblauwe kapúsjontrui oan hie. Tsjûgen kinne de plysje belje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)