Frou omkaam by ûngelok Elslo

09 sep 2009 - 11:33

By in iensidich ûngelok op de Kleasterwei tusken Elslo en Appelskea is woansdeitemoarn in frou (50) út Aldeberkeap om it libben kommen. Se is op it plak fan it ûngelok stoarn. De dochter (12) fan de frou is mei swiere ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs fan Grins.

It wie in iensidich ûngelok. De auto kaam út de rjochting fan Elslo en rekke yn de berm, dêrnei botste de auto mei de sydkant tsjin in beam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)