Ferbod bliuwt by Potmarge

09 sep 2009 - 10:29

It swimferbod foar wetterboartersplak de Potmarge yn Ljouwert bliuwt fan krêft. It wetterskip hat it wetter koartlyn wer ûndersocht en de slakken mei parasiten dy't de swimmersjokte feroarsaakje, sitte der noch yn. It plak is al in skoften ticht.

It boartersplak is in relatyf nij wettersysteem dat noch yn ûntwikkeling is. Neffens saakkundigen heart it derby dat dêr sokke slakken yn foarkomme. Nei ferrin fan tiid lost it probleem himsels op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)