Sporthal Dokkum djoerder

De bou fan de sporthal falt djoerder út
De bou fan de nije sporthal by de Boumanskoalle yn Dokkum wurdt djoerder as tocht. Ein juny fan dit jier stelde de gemeenteried 816.000 euro beskikber, mar tiisdei waard yn de kommisje bekend makke dat de gemeente ferjitten hat de BTW yn it kredyt mei te nimmen. Dit betsjut dat de ried wer ta de bûse moat foar 40.000 euro.
De riedskommisje konstatearre dat it de safolste kear is dat der yn Dongeradiel wat mis giet mei de BTW by grutte projekten.