'Tegengas' tsjin Vermilion

09 sep 2009 - 06:33

De aksjegroep 'Tegengas' stiet klear om wer yn ferset te kommen tsjin de gaswinning ûnder de Tsjûkemar. It bedriuw Vermilion hat tiisdei plannen presintearre om by Follegea en Dolsterhuzen nei gas te boaren ûnder de mar.

De gaswinning soe liede ta boaiemdelgong en dat soe skea oan huzen en natoer oanbringe, Vermilion wol neist de twa lokaasjes oan de Tsjûkemar ek gas winne út de Waadsee by Harns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)