Mear studinten nei Van Hall

08 sep 2009 - 22:22

By hegeskoalle Van Hall Larenstein ha har dit jier 1.200 nije studinten ynskreaun. Dat binne der 150 mear as ferline jier. De helte dêrfan komt nei de fêstiging yn Ljouwert.

Van Hall Larenstein profitearret krekt as oare skoallen fan it feit dat minsken langer studearje fanwege de wurkleazens. Fierder tinkt direkteur Marks dat it oanbod fan de skoalle bot oanslút by wat op dit stuit yn is. It giet dan om stúdzjes op it mêd fan bygelyks natuer en miljeu.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)