Takom jier havo-top yn Burgum

08 sep 2009 - 21:59

Troch de havo-top yn Burgum meitsje folle mear learlingen har oplieding yn de eigen gemeente ôf. Dat ferwachtsje alteast de inisjatyfnimmers. Dat binne de gemeente, iepenbiere skoalmienskip Singeland en kristlike skoalmienskip Liudger. Dy setten tiisdei har hanteken ûnder it plan.

De havo-top begjint augustus takom jier. Fan dan ôf kinne ek de heechste klassen fan de havo yn Burgum dien wurde. No binne dat allinne de leechste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)