Skûtsjes farre troch New York

08 sep 2009 - 21:28

De Fryske skûtsjes en platboaiems dy't nei New York binne hawwe har earste aktiviteit derop sitten. Tiisdei fearen se mei yn in floatskou oer de Hudson-rivier. De tocht begûn mei ienentweintich salútskotten fan it marinefregat Hr. Ms. Tromp. Neist de skûtsjes en platboaiems bestie de floatskou út ferskate oare skippen.

Yn New York wurdt dizze dagen it 400-jierrich bestean fan de stêd fierd. Dat wurdt dien yn it bywêzen fan prins Willem-Alexander en prinses Máxima.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)