Dútse kemper brânt út op A7

De brânwacht by de útbaarnde kemper (foto Jaring Rispens)
In Dútsk echtpear seach tiisdei de fakânsje letterlik yn reek opgean. De kemper dêr't se mei fuort wiene baarnde op autodyk A7 by Boalsert folslein út. Troch ûnbekende oarsaak fleach de kemper ûnder it riden yn 'e brân. It echtpear koe krekt op tiid de brânende kemper op de flechtstrook sette en derút komme.
De mûnder fan Tadema's mole dy't yn 'e buert stiet, seach de brân en warskôge de brânwacht, Dy koe net foarkomme dat de kemper folslein ferlern gie.