Bom Eagmaryp ploft feilich

08 sep 2009 - 15:53

By Eagmaryp liet eksplosive-oprommingstsjinst EOD tiisdei in blynganger fan 100 pûn út de Twadde Wrâldoarloch feilich ûntploffe. Om de bom ûnskealik te meitsjen moast de EOD moarns earst de ûntstekking demonteare. Fanwege it hege risiko waard de omjouwing dêrfoar hermetysk ôfsletten.

Lang om let koe de bom yn 'e rin fan 'e middei ûnder grutte publike belangstelling krekt bûten it doarp ta ûntploffing brocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)