Skoalle skorst twa hackers

08 sep 2009 - 15:10

Twa learlingen fan it Friesland College binne troch de skoalle skorst, omdat se besocht hienen in ynternetsite plat te lizzen. De learlingen fan it ICT-Lyceum hienen mei in skoalkompjûter besocht om nijs-en diskusjesite Fok.nl te hacken.

De website ûntduts de oanfal sels, omt dy ekstreem traach waard. De learlingen hienen de site sa faak oanfrege dat er ûnberikber wurden wie. Fok.nl hat gjin skea fan de oanfal hân en hat dêrom ek gjin klacht yntsjinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)