Sleepboat nei Den Helder

08 sep 2009 - 14:02
  • De masinekeamer oan board fan De Waker rekke tiisdeitejûn yn 'e brân

De sleepboat fan de Kustwacht dy't tiisdeitejûn troch brân troffen is, wurdt tiisdei nei Den Helder sleept. Dêr sil fierder ûndersyk dien wurde nei de oarsaak fan 'e brân en de skea. In part fan de opfarrenden is nachts fan board helle en nei Den Helder brocht. Oan board binne no noch de kaptein, de earste stjoerman en in tal bergingsdeskundigen.

It skip Waker lei sa'n fiif kilometer fan Flylân foar anker doe't yn de masinekeamer brân útbruts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)