'Forinsen nei de stêd helje'

08 sep 2009 - 12:52
  • Mei struibrieven en oar PR-materiaal wol Ljouwert forinsen oerhelje om te ferhúzjen

It soe samar kinne dat Ljouwert der oer in pear jier tûzenen ynwenners by hat. Dat binne minsken dy't yn de stêd wurkje, mar yn in oare gemeente wenje. De gemeente Ljouwert besiket mei in publykskampanje te berikken dat dy minsken ek nei Ljouwert ferhúzje.

Ut ûndersyk fan de Stenden University docht bliken dat der sa'n 3000 minsken binne dy't dêr wol ynteresse foar hawwe. Om se noch in lêste triuwke te jaan, joech wethâlder Sluiter tiisdei it startsein foar in publykskampanje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)