Noch trije relskoppers socht

© Omrop Fryslân
De plysje siket noch trije minsken dy't belutsen wiene by de rellen nei de wedstriid Cambuur-Roda. Der binne dizze wike noch fjouwer relskoppers fûn. Mei-inoar binne der 69 strafdossiers en fan 66 minsken is de identiteit bekend.
De plysje hat earder fan 21 relskoppers foto's pleatst op ynternet. Ek binne foto's en bylden op televyzje toand. Dat levere in soad tips op. Guon fertochten namen út harsels kontakt op mei de plysje.