Boalserters kritysk oer stêd

© Omrop Fryslân
De gemeente Boalsert krijt fan de ynwenners ûnfoldwaandes as it giet om foarsjennings foar jongerein en wolwêzensfoarsjennings. Dat docht bliken út it ûndersyk 'De Staat van de gemeente', oer it funksjonearjen fan gemeenten. Sa'n 500 Boalserters diene oan it ûndersyk mei. Sy binne wol te sprekken oer it winkeloanbod.
Mei in 8,4 skoart Boalsert it heechst fan alle gemeenten dy't meidiene oan it ûndersyk.