Drachtster fersûpt 3 katten

De trije fersûpte katten
Yn Drachten is in man oppakt omdat er trije katten fersûpt hat. In fisker seach yn de haven tusken Bakboord en Stuurboord in kat driuwen. Doe't de diere-ambulânse kaam fûnen de meiwurkers trije katten. Se wiene mei in koard om de nekke oan in stik gaas bûn dat mei stiennen ferswierre wie. Twa fan de trije katten wiene chipt.
Mei de gegevens dêrfan koe de plysje de dieder (33) achterhelje. It gie om in man út Drachten, dy't sei dat de katten foar oerlêst soargen.