Man oppakt mei wapens en drugs

© Omrop Fryslân
De plysje fan Ljouwert hat moandeitenacht yn de stêd in man (30) oanhâlden omdat er twa fjoerwapens en drugs by him hie. Der wie in tip kaam dat in man en in frou op de Turfmerk spul mei hiene.
De plysje helle de twa út inoar en fûillearre de man. Dy besocht doe in boltsje kokaïne yn syn mûle te ferstopjen, mar dat slagge him net. De plysjes fûnen twa wapens by him. De man is meinaam nei it buro en dêr fêstset.