Anne Feddema wint Japicxpriis

08 sep 2009 - 10:38

De Gysbert Japicxpriis 2009 foar Fryske poezij giet nei Anne Feddema foar syn bondel Reidhintsje op 'e Styx. De priis bestiet út in bedrach fan fiiftûzen euro en in oantinken. De priis wurdt 15 oktober útrikt yn it gemeentehûs fan Boalsert.

Anne Feddema debutearre yn 1997 mei de bondel Slapstickiepenbierings. De Gysbert Japicxpriis wurdt ien kear yn de twa jier takend foar sawol ien wurk as foar it hiele oeuvre fan in auteur. Feddema is ek bekend as keunstskilder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)