Man flybket op konduktrise
Op it stasjon yn Ljouwert hat moandeitenacht in 31-jierrige Ljouwerter op in konduktrise flibe. De man foel yn de trein ek noch in oare frou lestich. De befeiliging van de Nederlandse Spoorwegen hold de man yn betwang doe't de plysje deroan kaam.
De man waard oanslutend meinaam nei it buro. De plysje ûntduts dêr dat de man ek noch in pûdsje weed by him hie.